FNP Kollumerlân

 
Algemien

De FNP Kollumerlân is ien fan de ôfdielings fan de FNP, dy't har wurkgebiet fine yn de gemeenten fan Fryslân. It doel fan de ôfdielings is om de polityk te befoarderjen, sa't dy útwurke is yn it algemiene FNP-program en it gemeente-program. De FNP is yn 1962 oprjochte, om't de oprjochters fûnen dat de lannelike partijen net genôch opkomme foar de belangen fan Fryslân, sawol op kultureel as op ekonomysk en gâns oare gebieten.
Op www.fnp.nl is in filmke te sjen oer de FNP fan in minut of tsien
.

   
   
   
ulkevanderbij

De takomst

Op it stuit bestiet de fraksje út trije leden, Johannes Samplonius, Wieger Rekker en Tineke Bosgraaf-De Jong. It wichtichste doel fan de FNP Kollumerlân is op dit stuit de eigen organisaasje fierder te fersterkjen troch it winnen fan nije leden en om safolle mooglik fan fan ús doelstellings te ferwêzentlikjen. Wy wolle ús bêst dwaan om by de Gemeenteried-ferkiezings fan 2010 likefolle of mear stimmen te heljen as yn 2006. Wa wit in wethâlder. Ulke van der Bij fan Kollumersweach is beskikber. Sjoch ek de Nijsbrief fan desimber 2009.