Wy sette de ferkiezingskampanje yn mei de gjalp: Nije koers by krimpende wyn!
We geane dêrmei fol moed de kommende fjouwer jier yn, mar witte hiel goed dat it it net maklik
wurde sil. Krimp fan de befolking, gefolgen fan de ekonomyske resesje, mear ynwenners dy’t it
dreech hawwe mei it wurk, it bedriuw, de sinteraasje yn de húshâlding. En de gemeente kriget yn 2011 gâns minder jild út Den Haach, wêr’t it yn 2009 noch bêst en yn 2010 noch goed is.
Sa’t we yn ús Nijsblêd fan desimber al skreaunen, we hawwe dus gjin grutte beloften, foar de kommende tiid. Of miskyn krekt wol: Solidariteit tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik.
Duorsumens neistribje, hoedzje en noedzje fan lânskip en natoer. Bestjoer ticht by de minsken.
In minsklike maat. In maat dy’t kostlik is. Sosjaal wêr’t it moat. Oansprekke op ferantwurdlikens, op ûndernimmerssin, wêr’t it kin.
As riedsleden en wethâlders ek nei de ferkiezingen nei de ynwenners fan de gemeente harkje wolle, dan bliuwt de gemeente der foar de ynwenners en net oarsom.
No, sa! |
|