Wy hâlde ús leden en sympatisanten op de hichte mei ús Nijsblêd.
Ynteresse foar FNP-Kollumerlân c.a.?
Wolle jo wol wat mear witte fan FNP-Kollumerlân, dan is der no in hiele maklike earste stap. Jo kinne fergees abonnee wurde op ús krantsje. Dat komt sa'n trije kear yn 't jier út. En jo kinne dêr ûnder oaren yn fine:
• nijs fan ús fraksje yn de gemeenteried en fan ús bestjoer.
• elke kear inkele koarte politike ûnderwerpen en mieningen
• en sa mooglik wat nijsgjirrige dingen oer Kollumerlânske saken.
Opjaan of opsizze kin troch it te sizzen, te beljen of mei E-post: redaksje@fnp-kollumerlan.nl
Gearfetting lêste nûmer:
Desimber 2009
Nije koers by krimpende wyn!
Kandidaten foar de gemeenteriedsferkiezingen meitsje harren bekend. De kandidaten brûzje fan ambysje en binne klear foar de útdagings dy't der lizze.
Novimber 2009
Wynmûnen yn de easthoeke fan ús gemeente?
'Njet' om it mar ris yn goed Frysk te sizzen. Wat de fraksje fan de FNP yn Kollumerlân oangiet, is der in dúdelike miening: gjin wynmûnen yn de easthoeke fan de gemeente Kollumerlân.
Febrewaris 2009
Gjin útferkeap yn gemeente Kollumerlân c.a.
Sa't wy yn desimber yn it FNP - Nijsblêd skreaunen, hie it mar in bytsje skeeld of Kollumerlân hie fan de kaart west. Opgien yn fúsy of weryndieling. Gelokkich gienen alle fraksjes, útsein de Christen Unie (CU), lang om let net mei it kolleezje mei yn dy rjochting.
Wynmûnen
Ús nije wethâlder Hilbrand Visser hat de haadlinen presintearre at de gemeente meiwurket oan it fersyk fan de Stichting Windmolen Cluster Kollumerland om in park fan 9 mûnen oan te lizzen mei in wjukhichte fan 120 meter. Hoe tinkt de FNP-fraksje hjir oer? De fraksje hat noch gjin stânpunt. Twa dingen sjogge we earst ûnder eagen:
- Wat seit ús ferkiezingsprogram?
- Wat binne de reaksjes út it fjild?
Oer 1.: Ús FNP-ferkiezingsprogram seit: 'It brûken fan "griene" foarmen fan enerzjyfoarsjennings (sinne-, wyn-, wetterenerzjy ensafh.) moat stimulearre wurde. 'It rindemint fan wynenerzjy falt yn de praktyk bot ôf. Grutskalige útwreiding steane wy dan ek net foar. Foar grutte projekten moat in goed planologyske ynpassen socht wurde. It pleatsen fan allinnesteande wynmûnen wize wy ôf.
Oer 2.: De Kollumer Krante skriuwde oer de ynformaasjejûn: 'Zware tegenwind voor windmolenpark '. Dat wie in goede gearfetting. Positive lûden wiene der net.
Sytse van der Molen fan Feankleaster komt te sprekken oer duorsume enerzjy op ús FNP-ledegearkomste op 23 maart yn doarpshûs 'De Bosk' yn Sweagerbosk.
download: Nijsblêd Desimber 2009
download: Nijsblêd Novimber 2009