|
FNP Steatefraksje
De FNP Snits is
in ôfdieling fan de provinsjale FNP. Yn 1962 is de FNP oprjochte as
earste regionale politike partij yn Nederlân en is nei 40 jier in eigen
faktor wurden yn de Fryske polityk. Mei de ferkiezings fan 2003 waard
de FNP provinsjaal mei 7 sitten de 3e partij. Mear ynformaasje oer de
provinsjale FNP kinne jo fine op de Provinsjale side. Klik op it 'logo'.
|
|
Lanlike ynfloed
De leden van de
Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De
FNP wurket gear mei oare lokale partijen. Hja ha harren ferienige yn de
OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). FNP-er Hindrik ten Hoeve is de
Senator fan de OSF. Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne.
Foar mear ynformaasje klik op it 'logo'.
|
|
Europeeske ynfloed
Fryslân en ek
Nederlân wurde net mear allinne út Den Haach wei bestjoerd. Hieltyd
mear beslissings wurde yn Brussel nommen. Oan de oare kant wurde de
regionale oerheden wichtiger. De FNP is dêrom ek op Europeeske skaal
organisearre en stie, yn 1981, mei oan de widze fan it Europeeske
gearwurkingsferbân fan regionale partijen: EFA (Europeeske Frije
Alliânsje). Foar mear ynformaasje klik op it 'logo'.
|
|
Europeeske ynfloed
De EFA jongerein binne ek ferienige, mear hjir oer op harren eigen webside. Foar mear ynformaasje klik op it 'logo'.
|