FNP Kollumerlân

 
Skiednis
Fryslân en de FNP - Skiednis en Takomst

Sjoch ek op:

 www.fnp.nl

 

Skiednis


Lytse folken sûnder steat falle wei yn 'de fâlden fan de skiednis'. Dat is ek it gefal mei de Friezen. Har ferline liket grutter as har takomst. Dat ferklearret wêrom't hja sa gau en sa'n soad weromsjogge, en harren identiteit leafst út it ferline helje. De FNP docht dat perfoarst net. De FNP wol de Fryske identiteit yn 'e takomst stal jaan. Net bewarje, mar aktyf stal jaan yn in oare maatskippij as dy fan ús foarâlden. Mar wy ûntstride net dat de woartels fan dy Fryske identiteit yn it ferline lizze. En dat it ferline ús noch altyd wat leare kin. Dêrom moatte wy ús ferline kenne, ear't wy de takomst yngean kinne.

 

Sjoch foar de fierdere skiednis fan de FNP yn ús provinsje Fryslân op www.fnp.nl

 

De Skiednis fan ús FNP-ôfdieling Kollumerlân c.a.

 

De FNP Kollumerlân is ien fan de ôfdielings fan de FNP, dy't har wurkgebiet fine yn de gemeenten fan Fryslân.

It doel fan de ôfdielings is om de polityk te befoarderjen, sa't dy útwurke is yn it algemiene FNP-program en de gemeente-programs. Hoewol't de FNP al sûnt 1962 bestiet, wie de partij yn de earste jierren nei de oprjochting altyd it sterkste yn sintraal Fryslân en de Súdwesthoeke.

Pas yn 1982 is de ôfdieling Kollumerlân oprjochte, mar it slagge doe (mei Wipy Bijma-Wolters as listoanfierster en 4% fan de stimmen) noch net om in riedssit te beheljen. Yn 1982 krige de FNP yn Achtkarspelen wol har earste riedslid yn Noardeast Fryslân. Yn 1986 hat benammen Ruerd Posthuma(†), doe wenjend op De Sweach en ien fan de alderearste FNP-leden, tige aktyf west by it op gong bringen fan de FNP-Kollumerlân.

 

Yn 1986 waard Minne van Wieren keazen ta it earste FNP-riedslid yn de skiednis fan ús gemeente. Hy is net allinne bleaun, want yn 1990 kaam Piter Buruma der by en yn 1994 Jan van der Veen. Yn 2002 krige de FNP mear as 27% fan de stimmen en fjouwer fan de fyftjin riedsplakken. Dat wie mei te tankjen oan proteststimmers fanwege de asylsikersproblematyk dy't dêrfoar hiel bot spile hat.

Piter naam yn 2002 nei 16 jier ôfskie; binnne en bûten de FNP, wie Piter Buruma in fenomeen, wêr't ek nei syn ôfskie noch faak en wurdearjend oer praat wurdt. Ali van Keulen en Jan Lautenbach kamen yn it jier 2002 yn de ried. Ali wie maatskiplik hiel aktyf en kaam mei in opfallend soad foarkarstimmen as earste FNP-frou de ried binnen. Spitigernôch moast hja ein 2003 ophâlde mei it riedswurk troch omstannichheden thús; sy waard opfolge troch Johannes Samplonius.

 

Minne van Wieren hie al tidich oankundige dat hy nei 20 jier net wer beskikber wie as riedslid. Hy wie de pionier dy't as jongfeint fan 26 de earste sit ynnaam en fiif perioaden de leie yn hannen hie as earste man. Syn ôfskie stie ek yn dat teken en hy koe dêrby in protte wurdearring fan kolleezje, ried en eigen FNP'ers yn de bûs stekke.

 

De ferkiezings fan 2006 wienen teloarstellend. De fertroude listlûker Minne wie der net mear, de proteststimmers fan 2002 net, in konflikt fan de ôfdieling mei Lautenbach wie ek hiel funest. Dêrtroch kaam Jan van der Veen net werom yn de ried. Dochs soarge de trouwe FNP-oanhing der foar dat trije sitten yn de gemeenteried ynnommen wurde koenen, troch Johannes Samplonius, Wieger Rekker, beide út Kollum en Aafke de Vries fan De Trieme. Aafke is yn desimber 2008 op har fersyk ferfongen troch Tineke Bosgraaf-De Jong nei't dy har sûnt desimber 2007 al fanwege sykte ferfongen hie.

   

Twadde partij

Sûnt 1994 oant 2006 is de FNP de twadde partij fan Kollumerlân (foar PvdA en VVD). Yn 2006 moast de twadde posysje wer oan de PvdA oerdroegen wurde dy't lanlik ek goede ferkeizingen hie.

 

De ynset is no op syn minst dat twadde plak werom te pakken. Mei krekt as altiten, weet te hawwen fan wat der ûnder de befolking libbet, ek oandacht te hawwen foar it yndividuele belang en it fieren fan in dúdlike opposysje, hoopje we dat te berikken.

Dêrnjonken besiket ús riedsfraksje goede kontakten te ûnderhâlden mei it kolleezje en de riedsfraksjes fan de oare partijen. Hoe 't je it ek besjogge, fan de opposysje út as fan de koalysje, je tsjinje mei-inoar de gemeente Kollumerlân c.a. en har ynwenners.

 

Trouwens, sels sûnder in sit yn it kolleezje hat de FNP grutte ynfloed, om't oare partijen en it kolleezje altyd tige rekken hâlde (moatte) mei de miening fan sa'n grutte opposysjepartij en de kwaliteit fan de arguminten. De foarbylden binnen oer en tefolle dat earste ydeeën fan de FNP letter oernommen wurde, fansels leafst sa dat it nimmen opfalt...

 

Lykwols mei der gjin misbegryp oer bestean dat de FNP fynt dat nei safolle jierren it ris tiid wurdt ek in plak yn it kolleezje yn te nimmen. Dêrta moatte wy njonken in konstante ynbring, wethâlders-kandidaten ree hawwe en 'handel' dwaan kinne mei oare partijen oer de ynhâld fan it bestjoer, dy't yn it ferkiezingsprogram dellein is.

 

 

 

(De ynformaasje oer Lautenbach is op syn fersyk beheind.)