FNP Kollumerlân

 
Wurd lid

Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?

Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten.
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein. Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!
Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd. De Frijbûtser7 kear jiers krije jo it partijblêd ‘Frijbûtser’.
Wat kostet it lidmaatskip?

Kontribúsje

Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen.
De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.
De minimum kontribúsje is € 24,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 13,00 yn 't jier. Dy bedraggen jilde foar 2009. De kontribúsje wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast.
Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.

De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.

Lid wurde?

Opjaan as lid en oanfreegjen fan mear ynformaasje kin by ús bestjoer. E-post: bestjoer@fnp-kollumerlan.nl

Fergees FNP-Abonnee wurde?

Foar minsken yn Kollumerlân dy't wol wat mear fan de FNP witte wolle, sûnder daliks lid te wurden, is der no in prachtige mooglikheid. Jo kinne It Nijsblêd fan FNP-ôfdieling fergees yn de bus krije.

Opjaan of opsizze kin troch it te sizzen, te beljen of mei E-post: redaksje@fnp-kollumerlan.nl